Lekker ite mei Reitse fan 29 septimber 2012

แชร์
ฝัง
  • เผยแพร่เมื่อ 27 ก.ย. 2012
  • Reitse sil yn de fjirde ôflevering fan 'Lekker ite mei Reitse' itensiede mei José. Hy wol syn broer Edison graach ferrasse mei in goed miel.
    Neffens José yt syn broer altyd min en soe hy noch wol wat leare kinne fan Reitse. Edison hat it drok mei syn wurk as boer en hâldt mear fan de 'snelle hap'. Dat kin eins net fynt José. Beide broers komme út Kolombia en binne op jonge leeftyd mei noch in broer en sus adoptearre. Se fiele harren yn it earste plak Frysk en binne troch heit en mem ek sa grutbrocht.
    Reitse sil mei José allegear lytse hapkes klearmeitsje dy't mei tsiis te krijen ha. Se helje de tsiis by in tsiisbuorkerij yn Aldebekeap. 'Ik hoopje dat Edison tenei wat better yt en miskien sels ris in hearlik miel klearmeitsje sil', fertelt Edison.

ความคิดเห็น • 2

  • @wester317
    @wester317 11 ปีที่แล้ว

    Het was een fantastisch dag met Reitse!!. En ik wil naartuurlijk iedereen bedanken voor alle mooie reacties bedankt Omropfryslan!. :-)

  • @josewester
    @josewester 11 ปีที่แล้ว

    Zo wat een aflevering blijft gewoon mooi hoe vaak je er ook naar kijkt ha ha ha!!. :-)