Fryslân DOK: Havank

แชร์
ฝัง
  • เผยแพร่เมื่อ 12 พ.ค. 2014
  • It is dit jier fyftich jier lyn dat detektiveskriuwer Hans van der Kallen, better bekend as Havank, ferstoarn is. Yn Fryslân wurdt by syn stjerdei stilstien mei ferskate aktiviteiten. Sa wurdt bygelyks op Dekamastate yn Jelsum in eksposysje organisearre, Van der Kallen wie dêr in wolkomme gast. It Histoarysk Sintrum Ljouwert hâldt in eksposysje en in stedskuier. En skriuwer Tomas Ross komt wer mei in nij boek yn de geast fan Havank. De fernijde belangstelling foar Havank is foar Omrop Fryslân oanlieding om in dokumintêre oer it libben fan de skriuwer noch in kear sjen te litten.
    De boeken fan Havank, yn de saneamde 'zwarte beertjes serie', mei 'de Schaduw' as haadpersoan waarden in grut sukses. Yn syn heechtiidsdagen ferkocht Havank 10 miljoen eksimplaren en dat makket Van der Kallen op dit stuit noch Nederlânsks bêste detektive-skriuwer. Havank, berne yn Ljouwert yn 1904, libbe in aventoerlik libben. Hy wenne yn Frankryk, troude yn Ingelske "van zeer goede komaf", en hie in haat-leafde ferhâlding mei Ljouwert. Dochs kaam er dêr altyd werom. Hy hat syn stimpel drukt op Ljouwert, want op ien fan 'e gebouwen oan 'e Wurdumerdyk is noch altyd 'de Schaduw' te sjen.
    Havank hat 30 boeken skreaun. Nei syn dea yn 1964 hat skriuwer/sjoernalist Pieter Terpstra syn skriuwen oernaam en trochset, sa binne der noch 24 boekjes útbrocht. Dêrnei wie it dien, it ferkocht net mear, it wie te wollich en te âlderwetsk. Utjouwerij Bruna, dy't alle boekjes útbrocht, bestie yn 2008 al 140 jier en hie it idee om 'de Schaduw' noch in kear ta libben te bringen yn in nij boek. Tomas Ross waard dêrfoar frege en sei ja. Hy skreau it boek 'Caribisch Complot', wêryn't 'de Schaduw' nije feiten ûntdekt oer de saak Holleeder. Yntusken hat Ross noch trije oare 'Havank Ross' boekjes útbrocht, it kommende boek wurdt de fyfde nije Havank-detektive.
    Programmamakker Henk te Biesebeek sketst yn syn dokumintêre út 2008 in portret fan Havank en syn libben, praat mei minsken út syn fermidden en hat in eksklusyf ynterview mei sawol Tomas Ross as Dick Bruna.

ความคิดเห็น •