Sit net yn noed

แชร์
ฝัง
  • เผยแพร่เมื่อ 22 พ.ย. 2024
  • เพลง

ความคิดเห็น • 8

  • @harmzijlstra5810
    @harmzijlstra5810 2 ปีที่แล้ว +1

    IT kin no, in concertsje!! IT soe altiid noch ris heve.

  • @Schaep32
    @Schaep32 8 ปีที่แล้ว +4

    In hiel mooi liet! Ús complimenten. Fregat om mear!

  • @nelliehamstra1751
    @nelliehamstra1751 9 ปีที่แล้ว +3

    Hebben jullie niet meer van dit soort ferskjes. Ik luister hier vaak naar. Grtjs, Nellie.

  • @TjerkWiersma
    @TjerkWiersma 7 ปีที่แล้ว +6

    Tekst: Sit net yn noed.
    Sit net yn noed, wat sill`wy ite of drinke
    hoe komt it mei de hier en mei de klean?
    Jim moatte net te folle yn `t foar betinke
    hâld it mar op in soargeleas bestean.
    In libben fol fan kramp en takomstnoeden
    kin him dochs nea yn folle fleur ûntjaan
    dy bangens komt it lichem net te`n goede
    it moat in minske skea en ôfbrek dwaan.
    Kom, `t hat gjin doel al yn it foar te kriten
    mei soarchlik stinnen komt men ek net klear.
    It libben is fan mear belang as `t iten
    en klean is moai, mar `t lichem sels is mear.
    De fûgels wrotte har de lea net stikken
    en wa fan jimme hat sa`n fleurich lot?
    hja fine altyd wol wat om te pikken
    en ite tankber ùt de hân fan God.
    De pinksterblommen bloeie der samar hinne
    hja skrippe net en ha gjin swierrichheit
    en siz no sels oft hja net moaier binne
    as Salomo yn al syn hearlikheit?
    Tiis net oer dingen dy`t noch stean te kommen
    en oer de dei fan moarn, dy `t nimmen ken;
    God soarget foar de fûgels en de blommen
    en soe er noch net nea nei jimme sjen?
    Jim moatte net jimmer yn è soargen sitte
    net altyd freegje; wer giet dit op ta?
    Sa dogge heidens dy `t net better witte-
    De Hear sjocht wier wol wat jim nedich ha.
    Dus jimme, sykje `t earst fan alle dingen
    Gods keninkryk en syn gerjochtichheit-
    om al it oare hoeg`jim net te twingen
    dat wurdt der jim op tajûn fan jimme heit.
    De frees foar moarn ûntnimt jim hjoed de frede
    en`t jowt jim neat, jim klachten binne om doch;
    lear libjen by de dei op Gods genede
    en moarn fan `t selde; ien dei is krekt genôch.

    • @lipkje
      @lipkje 7 ปีที่แล้ว +1

      Tjerk Wiersma ik wol dy betankje foar dizze tekst! groetnis fan Lipkje

    • @harmzijlstra5810
      @harmzijlstra5810 3 ปีที่แล้ว

      Waar vind ik deze tekst?

  • @Schaep32
    @Schaep32 6 ปีที่แล้ว +1

    Prachtig mooi, Lipkje.

    • @afkegrigoleit4761
      @afkegrigoleit4761 ปีที่แล้ว

      Al hiel wat ieren Lyn, mar ik sjong it nog heerlijk mei! Prachtig wie de Dobber!