FRYSLAN DOK: Underdûkt yn Fryslân (diel 1)

แชร์
ฝัง
  • เผยแพร่เมื่อ 26 ส.ค. 2024
  • Rom omtinken foar ûnderdûken yn de Twadde Wrâldoarloch: Yn de Twadde Wrâldoarloch fûnen tûzenen ûnderdûkers in feilich hinnekommen by Fryske famyljes: Joaden, alliearde piloaten, fersetsminsken en manlju dy’t wegeren om te wurkjen yn de Dútske oarlochsyndustry. Fryslân DOK rekonstruearret yn in trijelûk de ûnderdûkhelp oan dy minsken. Mei ek in bysûndere ûntdekking. Want fûn ûnderdûk altyd wol yn it djipste geheim plak?
    Der bestiet al jierren in byld dat ûnderdûk altyd yn it grutste geheim plakfûn. Ut dizze dokumintêre docht bliken dat, dat hielendal net it gefal wie. Benammen yn de Fryske doarpen wist it hiele doarp wol wêr’t de ûnderdûkers sieten. In soad minsken droegen harren stientsje by en dus ûntstie der in grutskalige yllegale ûnderdûkmaatskippij.
    Omrop Fryslân is ek te finen op:
    Site: www.omropfrysla...
    Facebook: / omropfryslan
    Twitter: / omropfryslan
    Twitter nijs: / omropnijs
    Twitter NL: / omropfryslannl
    Instagram: / omropfryslan

ความคิดเห็น •