Minsken: Anke Bijlsma en Gerrit Haaksma

แชร์
ฝัง
  • เผยแพร่เมื่อ 6 ก.พ. 2025
  • De kulturele 'allrounder' Gerrit Breteler fan Nes skreau no al twa toanielstikken foar syn frou Anke Bijlsma en harren maat de Ljussemer kafeehâlder Gerrit Haaksma. Earst kaam Katarsis, no is Kredo noch oan 'e gong.
    Katarsis spilen se sa'n 170 kear, dêr binne se mei Kredo al oer hinne. Se spylje it yn kroegen om en efter de taap. Anke spilet fiif ferskillende roltsjes, Gerrit fjouwer. Altyd inkel twa minsken, dy't alles sels dogge. Dy't dus alhiel opelkoar oanwiisd binne. En bliuwe, want Breteler is al wer oan it skriuwen foar de folgjende. Omrop Fryslân gie in dei mei Anke Bijlsma en Gerrit Haaksma op 'en paad. It resultaat is te sjen yn Minsken op tiisdei 17 july.

ความคิดเห็น •